Yn de tiid fan de guillotine (Paperback)
Beste deal
Boekenwereld.com | 34,95 | Bekijk |
Prijzen Yn de tiid fan de guillotine (Paperback)
Winkel | Prijs | Verzendkosten | Totaal | Verzenddagen | Beschikbaar | Conditie | ||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Boekenwereld.com | 34,95 | Gratis | € 34,95 | Op voorraad | Nieuw | Bekijk | ||
Vergelijkeven.nl | 50,49 | Gratis | € 50,49 | Op voorraad | Nieuw | Uitverkocht |
Prijshistorie
Ontvang een prijsmelding
Product informatie
Yn 1792 reizget Lorry nei Parys, om oarder op saken te stellen yn de Parise festiging fan syn bank. De man fan Lucie hat ûnderwilens in briif krigen, wêryn’t in earder personielslid fan syn omke him om help smeket: ek dy syn libben is yn gefaar. Darnay reizget Lorry achternei, heel ûnferstandich, want ek hij wurdt arresteard as aadlik persoan. Lucie, mei har heit en har dochterke, reizgje no ek nei Parys, en besykje om him frijsprutsen te krijen. Dokter Manette, as slachtoffer fan de misdieden fan aadlike hearen, hat in grut gesach, en sadwaande slagget it nei mear as in jier om Darnay frij te krijen, mar dy wurdt deselde deis opnij arresteard op grûn fan in beskuldiging fan de fanatike frou fan Defarge, dy’t baseard is op syn ferflokking fan de Evrémondes yn it hânskrift fan de heit fan Lucie sels, dat fûn wie yn syn eardere sel. Sa wurdt dokter Manette sels de oarsaak fan de kommende dea fan syn skoansoan ûnder de guillotine. Oan de ein fan dit spannende en magistrale boek lêze jo hoe’t ien en oar ôfrint.